03 april 2007

Fries Loggen, part deux (voor de niet-Friezen: ga maar even met jezelf spelen, morgen schrijf ik weer iets voor jullie.)

It hâld eltsenien mar knap yn'e besnijing, dy Fryske Bloggies! Mar ik tink dat wy wol konstateare kinne dat it hjirre om in ien-april-grap giet. Ien dy't ik sels ek wol betinke wollen hie. Potver! Hotte Tomme!
No moat ik opbiechtsje dat ik juster hielendal gjin kowelapke mei tsiisstip hân haw, mar kleffe makaroani carbonara ùt de magnetron, om 't ik by de âldsjes wurkje moast, en ik der gjin fjouwerpits ta myn beskikking haw, of in ûne, of sokssawat. Dan moatte jo wat kreatief wurde no? Ik kin fansels der ek wol fan dat 'Iten ùt Menaam' iten ite, mar dat liket noch it meast op in recyceld miel, wat immen al opiten en wer utkuorre hat, en wat men dernei kreatief op in buord kwakt hat, mei derby de smoes 'nee jong, dat is allegearre pureert!' Nee, dan sels mar wat meinimme, yn in bakje. It neigesetsje wie juster in bakje automatekofje en in peaseike mei in nochal nuveraardiche neismaak. Kokos? Bejaardenmiech?
Mar! Al dit ge-eamel oer Frysk Bloggen set my wol oan it tinken. Kinne wy der eins net iets moais fan meitsje? In weblog wer't allerhande taalkreatieve, jonge Friezen (om ùtens of net) kommentaar jaan kinne op alles dat der yn é wrâld en yn Fryslân bard. It liket my wol wat! En dan alle priizen by de Fryske Bloggies mei nei hûs nimme :)

Wat ite wy hjoed: macaroani mei smac ùt'e friezer (ahhahahaaaaaaaaaaaaaaaaaaaa! hoe skriuwst dat??? It klinkt sa wol hiel geef-Frysk), om't de friezer tsjokfol sit mei allegear guod werfan ik net sjen kin of't it no hamburgers binne of ynfersen cavia's. Dat ding moat dus mar efkes leechfretten wurde. Mocht ik in yn stikjes snijd lyk tsjinkomme, dan heare jimme dat noch wol fan my.

Dow en de heu!!!!Hûndertalve!!!!

Les hjir wat Botte en Marijke dien hawwe mei myn Fryske Bloggies- stikje
(Ik bin trouwens oan't prebearen 'Rehab' fan Amy Winehouse oer te setten yn it Frysk, mar ik kom net fierder as: "Se woenen my haw' yn Frentsjer, ik sei nee, nee, nee" Wa helpt my ùt'e brân?)

4 reacties:

Blogger M@rijke zei...

Ik woe eins "wolsto mei my koese fannacht" trochsette. En dan as Famkes fan Fleis ynstee fan lady marmelade...

9:29 p.m.  
Anonymous Botte van Friesland zei...

Wy moatte der mar ris oer gear, tink ik. Sawol oer de (jonge?) Friezen(om útens) blog as oer Amy Wynhús.

11:28 p.m.  
Anonymous jazzper zei...

worden jullie dan wel ûtslôte van de echte bloggies? ;)

9:22 a.m.  
Anonymous Johan zei...

Ik sil my ynskriuwe foar in kursus Frysk. Dan wol ik meidwaan mei Sitfleis.nl.

9:35 a.m.  

Een reactie plaatsen

Aanmelden bij Reacties plaatsen [Atom]

Links naar dit bericht:

Een link maken

<< Homepage